Fjouwer supporters oppakt

19 okt 2014 - 17:06

De plysje hat by de wedstriid SC Hearrenfean-SC Cambuur fjouwer minsken oanhâlden foar mishanneling, bedriging en balstjurrigens. Foar de wedstriid waard in man fan 20 jier út Drachten oanhâlden. Hy wurdt fertocht fan it mishanneljen fan in steward en it by him hawwen fan swier fjoerwurk.

Nei de wedstriid binne twa ynwenners fan It Hearrenfean fan 30 en 24 jier oanhâlden foar mishanneling en bedriging. In man fan 20 jier fan It Hearrenfean waard oppakt foar balstjurrigens. Alle fjouwer binne oanhingers fan SC Hearrenfean.

Flak foar de wedstriid moast de ME yn aksje komme doe't supporters fan SC Hearrenfean de konfrontaasje sochten mei Cambuursupporters. Neffens de plysje is troch de ME "passend geweld" brûkt. Alle fertochten binne ynsletten foar ferhear.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)