Earehage foar Cambuurspilers

19 okt 2014 - 16:22

Hûnderten Cambuurfans hawwe sneintemiddei de spilers fan harren klup feestlik ûntfongen op it Cambuurplein yn Ljouwert. It 2-2 lykspul tsjin SC Hearrenfean yn de Fryske twastriid waard as in wiere oerwinning fierd troch de Ljouwerter supporters. De spilersbus waard mei applaus binnenhelle, wêrnei't de spilers troch in earehage it Cambuurstadion ynrûnen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)