Rapste penal ea yn earedivyzje

19 okt 2014 - 15:07

De penalty fan SC Hearrenfeanspiler Mark Uth yn de Fryske twastriid tsjin Cambuur giet de boeken yn as de rapste penalty ea yn de earedivyzje. Cambuurkeeper Leonard Nienhuis helle nei 9 sekonden spyljen oanfaller Uth ûnderút yn de 16 meter. De spits fersulvere sels de strafskop en sette syn ploech yn de earste minút fan de wedstriid op foarsprong.

Keeper Leonard Nienhuis fan Cambuur hie ferwachte dat er in reade kaart krije soe foar de oertreding. Dat liet er nei ôfrin witte. Nienhuis koe ferromme sykhelje doe't er de giele kaart krige.

De wedstriid tusken SC Hearrenfean en SC Cambuur einige úteinlik yn in 2-2 lykspul.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)