Bekeuring foar te lûde auto's

19 okt 2014 - 12:56

Op It Hearrenfean binne sechtsjin bestjoerder bekeurd omdat harren auto's te folle leven makken. Dat wie op de Saturnus en dêr yn de omkriten. Auto's meie op syn heechst 88 desibel produsearje en de lûdste hie 124. De eigeners moatte de lûde auto's opnij keure litte by de RDW foardat se dermei wer de dyk op meie.

De plysje joech fierders bekeurings foar te tsjustere ruten, net hânfrij beljen, it net om hawwen fan de feilichheidsrimen, it ferkeard opriden fan in rotonde en it riden oer in trochlutsen streep.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)