Lykspul Harkemase Boys

18 okt 2014 - 18:03

Yn de haadklasse C fan it amateurfuotbal kaam Harkemase Boys sneon op eigen fjild tsjin AZSV net fierder as in 1-1 lykspul. De ploech út Aalten kaam yn de 25e minút op in 1-0 foarsprong. Yn de 50e minút sette Henny Bouius de lykmakker op it boerd foar Harkemase Boys. Fierder kaam de ploech fan Jan Vlap lykwols net en sa fielde it lykspul foar de Boys dochs noch as ferlies.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)