Boekhannel bestiet 125 jier

18 okt 2014 - 15:20

Boekhannel Binnert Overdiep op It Hearrenfean fiert sneon it 125-jierrich bestean. Dat in boekhannel sa lang bestiet is yn tiden fan krisis, ûntlêzing en digitale boeken in unikum. Dochs sjogge de meiwurkers de takomst fleurich temjitte. Want neffens harren bliuwt de nocht oan lêzen wol bestean en de boekhannel hat ek e-books te keap, al wurde der noch net in soad ferkocht.
De winkel waard yn 1889 oprochte troch Arjen Binnert Overdiep.

Sneontemiddei nei slutingstiid is it feest yn de winkel mei drankjes, hapkes en muzyk.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)