Sile om de Brandarisbokaal

18 okt 2014 - 12:46

Tachtich historyske skippen sile dit wykein in wedstriid op de Waadsee mei as ynset de Brandaris-400-bokaal. De race wurdt foar de 21e kear hâlden. It startskot waard sneontemoarn om healwei alven jûn yn Harns. De skippen bliuwe sneontenacht op Skylge en sile snein werom nei Harns. Dan wurdt ek de winner bekend.

Op de dielnimmende klippers, aken, tsjalken en botters sitte sawat twatûzen bemanningsleden. It binne amateurs dy't ûnder lieding fan profesjonele skippers de wedstriid sile.

Trefwurden: 
Harns Brandaris-400-bokaal
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)