Soad folk by trainings

De Fryske fuotbal-twastriid dy't snein spile wurdt, libbet no al bot ûnder de fans. In soad supporters fan SC Hearrenfean en SC Cambuur kamen sneontemoarn nei de lêste trainings foar de wedstriid. By Cambuur stiene fjouwertûzen supporters oan it fjild en by Hearrenfean achthûndert. Mei fjoerwurk, applaus en jûchhei moedigen de supporters harren teams oan.
De wedstriid yn it Abe Lenstrastadion op It Hearrenfean begjint sneintemiddei om healwei ienen en is live op Omrop Fryslân Radio. Jûns yn Hjoed wiidweidich omtinken foar de wedstriid.