Auto botst op beam Djipswâl

18 okt 2014 - 10:52

In auto mei twa ynsittenden is freedtenacht op de Djipswal yn Dokkum tsjin in beam botst. De 25-jierrige bestjoerder út Dokkum kaam mei de skrik frij. De 43-jierrige passazjier rekke ferwûne en moast nei it sikehûs yn Ljouwert. De man hie gjin gordel om.

Om't tsjûgen melden dat de auto hurd ried. hat de plysje de bestjoerder meinaam nei it buro. Dêr die bliken dat er te folle drank op hie. Der is proses-ferbaal tsjin him opmakke. De auto is fuortsleept.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)