Brân yn skuorre De Tynje

18 okt 2014 - 07:46

Op in pleats oan de Farskewei yn De Tynje hat yn de nacht fan freed op sneon brân west. In gie om in trekker dy't yn in skuorre stie. De brânwacht fan De Gordyk hie de brân gau ûnder kontrôle, mar koe net foarkomme dat de trekker hielendal útbaarnde en de skuorre skea oprûn. Twa hynders dy't ek yn de skuorre stiene, waarden der troch de eigener úthelle.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)