Beurs Gezin start yn WTC Expo

Yn it WTC Expo yn Ljouwert is freed de beurs Gezin útein set. De beurs is bedoeld foar heiten en memmen fan bern oant en mei 12 jier, mar ek foar pakes en beppes. Op de beurs binne allerhanne produkten te sjen op it mêd fan swangerskip, moade, fersoarging en frije tiid.
Earder waard de beurs organisearre ûnder de namme Heit en Mem, it Frysktalige tiidskrift fan de Afûk. De organisaasje hat lykwols keazen foar in oare namme, om't dy better beskriuwt wêr't de beurs foar stiet. De beurs Gezin duorret oant en mei snein 19 oktober.