"IIs-oplossing noch net fûn"

By it Fryske iisbûn komme alle jierren tsientallen plannen binnen om de iisgroei by in Alvestêdetocht te befoarderjen. Mar it "aai fan Columbus" sit dêr noch net by. Dat sei foarsitter Jan Oostenbrug yn reaksje op it ferkiezingsprogramma fan it Fryske CDA. Dy fynt dat der jild komme foar techniken dy't de iisgroei stimulearje.
It iisbûn en de Alvestêdeferiening ha al kontakten mei bygelyks de technyske universiteit fan Twente. Alle knipepunten byelkoar opteld giet it lykwols om in kilometers lang probleem dat net maklik op te lossen is.