Cambuur fit foar derby

De seleksje fan SC Cambuur is sa goed as fit foar de twastriid tsjin SC Hearrenfean. Allinnich Wout Droste kin noch net spylje. De ferdigener is lykwols wer op it paad werom. Fierder is de seleksje fit. Trainer Henk de Jong feroaret neat oan de opstelling en dat betsjut dat Cambuur mei deselde alve spilers begjint as yn de wedstriid tsjin FC Dordrecht.
De wedstriid tsjin SC Hearrenfean begjint wol te libjen yn de seleksje en by de technyske stêf. Dochs sil Cambuur gjin bysûndere dingen dwaan en giet de ploech "gewoan" út fan eigen krêft.