Fryske sporten yn Utrecht

17 okt 2014 - 12:08

In evenemint yn de Jaarbeurs yn Utrecht moat it keatsbûn en it fierljepbûn oan mear jeugdleden helpe. It evenemint wurdt op 9 novimber hâlden, op inisjatyf fan in fersekeringsmaatskippij. Dy hat tsien minder bekende sporten útnoege om har te presintearjen yn de Jaarbeurs.

Besikers kinne ûnder oare meidwaan oan de sporten. De ferwachting is dat der sa'n 10.000 besikers komme. It evenemint rjochtet him benammen op bern tusken de 7 en 14 jier.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)