Ynvestearje yn Fryske eksport

De provinsje Fryslân stekt 10 miljoen euro yn projekten dy't de Fryske eksport stimulearje moatte. De provinsje wol ûndernimmers oanmoedigje om ynternasjonaal te wurkjen. Op 27 novimber hâldt de provinsje dêrom mei de Keamer fan Keaphannel de byienkomst 'Ynternasjonaal yn 1 dei' yn it WTC yn Ljouwert.
Bedriuwen krije ynformaasje oer ynternasjonaal ûndernimmen. Neffens deputearre Jannewietske de Vries jout de eksport nei it bûtenlân Fryske bedriuwen de kâns om harren omset flink groeie te litten en wurdt ynnovaasje hjirmei stimulearre.
Sûnt de start fan it ynvestearringsprogramma Wurkje foar Fryslân yn 2013 hat de provinsje al 160 miljoen euro stutsen yn de wurkgelegenheid yn Fryslân. Mei-inoar is der 300 miljoen euro beskikber.