Dronken Snitser dûbel beboete

© Omrop Fryslân
In 49-jierrige Snitser is tongersdei oanholden nei't er de plysje misledige. De plysje seach de dronken man op it Transveer op De Lemmer. Sjoen syn tastân brocht de plysje him nei syn thúsadres yn Snits. Dochs miende de man dat er de plysje misledigje moast.
Hy krige in boete fan 350 euro foar misledigjen en in aparte boete foar iepenbiere dronkenskip.