LTO teloarsteld yn Dijksma

17 okt 2014 - 07:06

LTO is bot teloarsteld oer it beslút fan steatssiktaris Sharon Dijksma om net mei te wurkjen oan in langere termyn foar it ynsiedzjen fan gers. De boere-organisaasje hie dêr om frege om't der yn de Súdwesthoeke fan de provinsje in mûzepleach is.

De mûzen woele it hiele lân om en ferniele sa de gersfjilden. Offisjeel mei der nei 15 septimber net mear siedde wurde, mar LTO woe dizze termyn graach oprekke. Dijksma wurket dêr dus lykwols net oan mei.

Ek deputearre Johannes Kramer is teloarsteld.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)