Fernielings Boalsert oanpakt

Yn Boalsert hat men lêst fan jongeren dy't al in oantal wiken foar fernielings soargje. Trije ynwenners fan de stêd hawwe it inisjatyf naam om te kommen ta in oplossing. Tongersdeitejûn hat der oerlis west mei de gemeente, it jongerewurk en de plysje.
Doel fan it trijetal is om aktiviteiten foar de jongeren op te setten, om dêrmei foar te kommen dat se út ferfeling saken ferniele.