Aris wint by Amsterdam

17 okt 2014 - 00:47

De basketballers fan Aris hawwe tongersdeitejûn de twadde wedstriid op rige wûn. Nei de winst, ôfrûne sneon op Weert, wienen de Ljouwerter basketballers dit kear mei 82-76 te sterk foar Amsterdam. De oerwinning kaam lykwols pas yn it lêste kwart ta stân.

Healwei de wedstriid wie it 32-32. Amsterdam begûn it lêste kwart mei in foarsprong fan trije punten. Under oanfiering fan Tjoe de Paula, goed foar 25 punten, waard it 82-76 foar Aris. Sneontejûn om acht oere spilet Aris yn It Kealledykje tsjin Rotterdam.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)