Kninefeiling RonaldMcDonald

16 okt 2014 - 19:19

By de RonaldMcDonald Hoeve yn Beetstersweach wurdt de kommende tiid elke wike in knyn feild. It giet net om echte kninen, mar unike eigenmakke eksimplaren. Minsken kinne op de kninen biede fia facebook, twitter of de mail. It doel fan de aksje is dat elk knyn yn alle gefallen de kosten fan ien oernachting mooglik makket, dat is 60 euro. Yn de RonaldMcDonald Hoeve kinne hendikepte bern en jongeren mei harren âlden, broerkes en susken fakânsje hâlde. De Hoeve wurdt finansierd út sponsoring, donaasjes en aksjes.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)