Wittenskippers nei planetarium

16 okt 2014 - 17:19

Tweintich ferneamde wittenskippers, astronomen en teologen fanút de hiele wrâld komme takom wike nei it planetarium yn Frjentsjer. Se dogge dat as ôfsluting fan in bysûndere stúdzjebyienkomst dy't hâlden wurdt op de universiteit fan Grins. De dielnimmers oan it kongres bûgje harren oer de fraach oft de Stjer fan Bethlehem echt bestien hat of net.

Dizze stjer soe boppe de stâl stien hawwe dêr't Jezus berne is en hâldt minsken al ieuwen dwaande.

Ald-konservator fan it planetarium, Henk Nieuwenhuis hat sels ek jierren ûndersyk nei de stjer dien en hat der in boek oer skreaun. Hy is tige benijd wat de útkomst fan it kongres wêze sil.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)