46e Gaasterlandshow yn Balk

Sporthal De Trime yn Balk is de kommende trije dagen it dekôr fan de 46e Gaasterlandshow. Mear as 800 bisten binne hjir te sjen, lykas kninen, kavia's, hinnen, dowen en wetterfûgels. Nij dit jier is in hoannekraaiwedstryd. It giet derom hokker hoanne it faakst kraait. Dit evenemint is op freedtejûn.
De Gaasterlandshow wurdt organisearre troch de 'pluimvee- en konijnenvereniging Balk en Omstreken'. Op sneon kinne bern harren eigen húsdier keure litte troch echte karmasters.