Spanning Fryske derby rint op

Gemeente, plysje en SC Hearrenfean ha tongersdei oerlis hân oer de feilichheidsmaatregels dy't naam wurde moatte foar de Fryske derby dy't snein spile wurdt. Meidielings oer hoefolle plysjeminsken en ME-ers ynset wurde, wurde net dien.
Op strjitte is te fernimmen dat de spanning by de supporters tanimt. Ek wurde sfearaksjes taret. De wedstriid tusken SC Hearrenfean en SC Cambuur begjint sneintemiddei om 12.30 oere.