Bedriuw drok mei krystbeammen

Hoveniersbedriuw Donker Groen út Snits leveret dit jier de krystbeammen foar alle belestingkantoaren yn Nederlân. It bedriuw hat de opdracht krigen nei in Europeeske oanbesteging. Der moatte 100 beammen levere wurde oan 60 kantoaren. It giet om keunstbeammen mei fersiering en al. Alle fêstigings hawwe sels bepaald wat foar fersiering se yn de beam ha wolle.
It wurdt foar it bedriuw noch in hiele útdaging om alle beammen op tiid del te setten en ek wer op te romjen.