Publyk op toer Spannenburch

De televyzjetoer by Spannenburch is yn it wykein fan 1 en 2 novimber iepen foar it publyk. Minsken kinne foar 10 euro in kaartsje keapje. Dêrmei kinne se in healoere lang op de toer fan it útsjoch genietsje. De folsleine opbringst is foar stichting Heppie. Dy stichting organisearret fakânsjes en aktiviteiten foar bern mei drege thússitewaasjes.
Kaartsjes kinne besteld wurde op de webside www.heppieview.nl.