'Fiskpassaazje lûkt toeristen'

27 feb 2012 - 11:25

De nije fiskmigraasjerivier dy't mooglik oanlein wurdt by Koarnwertersân yn de Ofslútdyk moat inkele tûzenen ekstra toeristen lûke. Der soe ek in besikerssintrum boud wurde moatte mei in glêswand yn it wetter. Sa kinne minsken de fisk swimmen sjen. Der soene boppedat ekskursjes by de rivier hâlden wurde kinne.

It grutte trochlitplak is in idee fan ûnder oare de Waadferiening. Mei help fan opspuite sân wurdt in soart rivier fan in pear kilometer lang makke. Dy krúst de Ofslútdyk. Kosten fan it projekt binne tusken de 50 en de 60 miljoen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)