Medalje-útrikking fleanbasis

F-16 op de Fleanbasis Ljouwert © ANP
Hûndertfyftich militêren krije tongersdei op Fleanbasis Ljouwert de Nederlânske Herinneringsmedalje Fredesoperaasjes. Minister fan definsje Hans Hillen rikt de medaljes út tegearre mei luitenant-generaal Jac Jansen. Der wurde ek fjouwer gefjochtsynsynjes útrikt.
De militêren hawwe in bydrage levere oan de NAVO-operaasje yn Afganistan. Dêr wiene se fan septimber 2011 oant en mei jannewaris fan dat jier. Se makken diel út fan de ISAF-misje.