Eks-man fernielt foardoar

27 feb 2012 - 10:42
Oanhâlden - Foto: Omrop Fryslân

De plysje hat sneintemiddei op de Eastwei yn Twellingea in 43-jierrige ynwenner fan Heech oanhâlden foar fernieling. De man hie de foardoar fernield fan de wenning dêr't syn eks-frou wie.

De frou belle fuortendalik 112, wêrnei't de plysje de man oppakt hat. Hy is foar ferhear fêstset op it buro.

Trefwurden: 
Heech fernieling eks-frou
(advertinsje)
(advertinsje)