Jansma en Piek fjirde op WK

De Nederlânske fjouwermansbob mei de Friezen Sybren Jansma en Jeroen Piek is fjirde wurden op it wrâldkampioenskip yn Lake Placid. Stjoerman Edwin van Calker koe mei Arno Klaassen en de beide Friezen yn de fjirde en lêste run noch in plakje opskowe. It team kaam 0.31 tekoart foar it poadium. Dochs is it fjirde plak de bêste prestaasje ea fan in Nederlânske bob op in WK.
It team fan de Amerikaan Steven Holcomb waard wrâldkampioen, foar de Dútsers Arndt en Machata.