Mear oanhâldings yn Droegeham

© Omrop Fryslân
De plysje hat snein twa manlju fan 21 en 22 jier oanhâlden foar mishanneling fan in 55-jierrige ynwenner fan Droegeham. Sneon waard yn 'e saak al in 27-jierrige ynwenner fan dat plak oppakt. De oare twa fertochten komme ek fan Droegeham.
Yn de nacht fan freed op sneon waard it slachtoffer yn elkoar slein yn syn wenning oan de Slotstrjitte. De ruten waarden ek ynsmiten. Buorlju waarden wekker fan it leven en bellen 112. De trije manlju wiene doe al útnaaid, mar tsjûgen hiene ien fan harren fêsthâlden. It slachtoffer leit yn de sikehûs.
De trije fertochten sitte noch fêst.