Tim Douwsma wit net te winnen

Sjonger Tim Douwsma fan Wynjewâld hat sneintejûn net winne kinnen op it Nasjonaal Sjongfestival. Douwsma wie ien fan de seis finalisten en moast it as earste opnimme tsjin sjongeres Pearl Jozefszoon.
Douwsma krige mei syn nûmer Undercover Lover de minste stimmen. Uteinlik wie it sjongeres Joan Franka dy't wûn. Sy sil yn maaie nei it Europeesk songfestival yn Azerbeidzjan.