Ljouwert rommet stoarmskea op

De gemeente Ljouwert set takom wike útein mei it opromjen fan stoarmskea. It giet om skea fan hast in jier lyn. In heftige hjerststoarm raasde oer ús provinsje en folsleine beammen waarden út de grûn lutsen. Yn allinnich Ljouwert wiene der al hast tûzen beammen omgien. Ferline jier binne earst de needgefallen opromme, de rest moat no gebeure.
De beammen dy't fuorthelle wurde, sille takom jier ferfongen wurde troch nije eksimplaren. It kolleezje fan Ljouwert hat besletten dat sa'n 70 persint fan de omwaaide beammen ferfongen wurde sille.