Mear molkproduksje tastien

Steatssekretaris Sharon Dijksma fan lânbou wol de produksje fan molke yn Noard-Nederlân útwreidzje. Dermei komt se temjitte oan in winsk dy't al jierren libbet ûnder de melkfeehâlders. Mei it foarnimmen wurdt foarút sjoen nei april 2015. Dan lit Europa it molkkwotum los. Boere-organisaasje LTO-Noord is bliid mei it foarstel.
De organisaasje wol de gruttere bedriuwen op in ferantwurde wize ynpasse yn de omjouwing. Ek sil gearwurking socht wurde mei de bouboeren om bygelyks dong kwyt te reitsjen.
Boeren kinne net fuortdalik útwreidzje. LTO ferwachtet noch wol problemen mei miljeufergunningen.