Feefokdei Fryslân yn Oentsjerk

Goed 120 kij en keallen wurde tongersdei yn de maneezje yn Oentsjerk keurd op de jierlikse Feefokdei Fryslân. Dit is de grutste feekeuring fan Fryslân der't alle Fryske molkfeehâlders op ynskriuwe kinne. Dit is in aardich goed jier foar de keuring, seit foarsitter Willem Dotinga.
Der binne it ôfrûne jier in pear nije bedriuwen bykaam, wêrtroch it tal dielnimmers ek heger leit as de lêste pear edysjes. Dotinga is bliid mei dizze nije lichting en hopet dat dizze goeie ûntwikkeling de kommende jierren trochset.