TBC-ûndersyk op skoalle Lekkum

De GGD hat tbc konstatearre by in stazjêre fan de Professor Wassenberghskoalle yn Lekkum. It giet om in jonge frou út de gemeente Tytsjerksteradiel dy't yn septimber staazje rûn yn de beukergroepen fan de basisskoalle. De GGD begjint dêrom yn novimber mei in tbc-ûndersyk ûnder alle bern fan de groepen 1 en 2. Ek sille alle meiwurkers ûndersocht wurde.
De Professor Wassenberghskoalle hat tongersdeitemoarn alle âlden yn in mail ynformearre. Moandeitejûn wurdt yn it doarpshûs fan Lekkum in ynformaasjejûn hâlden oer it tbc-ûndersyk.
Omdat it om relatyf jonge bern giet sit de GGD der yn dit gefal boppe op. Dochs is der gjin reden foar ûngerêstheid, seit dokter Kiers.