Bouplak noch net fan De Lawei

16 okt 2014 - 10:30

Skouboarch De Lawei yn Drachten krijt foarearst de kaai fan it bouplak net werom. De saneamde 'spoedplaatsopname' dy't nedich is yn ferbân mei it skeel tusken De Lawei en oannimmer Van Norel duorret langer. De opname soe tiisdei en woansdei hâlden wurde, mar is mear wurk as tocht waard. Mei de opname wurdt fêstlein wat de stân fan saken fan de ferbou fan de skouboarch is.

De Lawei sei it kontrakt mei Van Norel op, om't de skouboarch net tefreden wie oer it wurk.

Ofrûne freed bepaalde de ried fan arbitraazje foar de bou dat de skouboarch 2,4 miljoen betelje moat oan boubedriuw Van Norel. In boaiemproseduere moat útmeitsje wa't úteinlik foar de kosten opdraait.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)