Stipe socht foar grienbelied

Gemeente De Fryske Marren besiket mei trije ynformaasjejûnen stipe te krijen foar syn oanpaste grienbelied. Fan 't simmer makke de gemeente bekend trije ton te besunigjen op it ûnderhâld fan grien. Derby heart ek de kap fan sa'n 5.000 oant 10.000 beammen. It plan krige in soad negative reaksjes fan ynwenners. Om dy reden hâldt De Fryske Marren trije byienkomsten, dêr't fragen steld wurde kinne en ideeën ynbrocht wurde kinne. De ynwenners lieten it woansdeitejûn wat ôfwitte by de earste byienkomst op 'e Lemmer.
Tongersdeitejûn is der in nije kâns op 'e Jouwer, de 23e is der in byienkomst yn Balk.