Ruilhannel yn Dongeradiel

15 okt 2014 - 21:14

Yn Dongeradiel kin fan 7 novimber ôf hannele wurde sûnder dat der in beurs oan te pas komt. De gemeente docht dan mei oan de 'Maatschappelijke Beursvloer'. It konsept wurdt al inkele jierren tapast yn de Rânestêd. Doel is om bedriuwen, ynstellings en partikulieren oan elkoar te binen. Yn ruil foar in tsjinprestaasje kinne dy guod of tsjinsten fan elkoar ôfnimme sûnder dat dêr jild oan te pas komt.

(advertinsje)
(advertinsje)