Boalserters pakke oerlêst oan

15 okt 2014 - 20:38

Yn Boalsert wurdt neitocht oer de oanpak fan jongeren dy't al in oantal wiken foar fernielings soargje. Trije ynwenners fan de stêd hawwe it inisjatyf naam om te kommen ta in oplossing. Dizze wike binne der oerlizzen mei de gemeente, it jongerewurk en de plysje. Ek sil der besocht wurde om yn kontakt te kommen mei de jongeren sels.

Doel is om aktiviteiten foar har op te setten, om foar te kommen dat se út ferfeling saken ferniele. Under oare yn it Julianapark en by de Sint Maartenskoalle binne saken fernield.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)