Brânmelding troch oefening

15 okt 2014 - 20:20
Foto: ANP XTRA

De brânwacht fan Damwâld is woansdeitejûn om 'e nocht oproppen. It korps krige in melding dat der brân wie oan de Conradi Veenlandstrjitte yn Damwâld. Letter die bliken dat der yn it gebou in oefenjûn fan de brânwacht wie. De reek dy't frijkaam kaam út in reekmasine.

Trefwurden: 
brânwacht Damwâld oefenjûn
(Advertinsje)
(Advertinsje)