Stipe oan minima yn natura

15 okt 2014 - 19:38

Minima mei bern yn Tytsjerksteradiel krije ekstra gemeentlike stipe fan 1 jannewaris ôf net mear yn jild mar yn natura. De gemeente wol sa berikke dat de stipe ek echt by de bern komt en troch de mindere finansjele sitewaasje net op in oar plak bedarret. De stipe yn natura kin bygelyks bestean út skoalspullen, in fyts of in lidmaatskip fan in feriening. De regeling wurdt útfierd yn gearwurking mei de stichting Leergeld, it Jeugdsportfonds en it Jeugdcultuurfonds.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)