Dyk Twizel net goed oanlein

In part fan it wurk oan de provinsjale dyk N355 troch Twizel hinne moat op 'e nij dien wurde. Ut ûndersyk hat bliken dien dat op trije plakken it asfalt net flak genôch is. De trije stikken sille dêrom nei alle gedachten begjin takom jier op 'e nij oanpakt wurde troch oannimmer BAM. De dyk sil dan in lang wykein ticht wêze. Mei-inoar giet it om 700 meter asfalt dat foar in part ferfongen wurde moat.
It asfalt lei der sûnt dizze simmer yn.
It bart neffens projektlieder Niels Joustra fan de provinsje net faak dat in nije laach asfalt al sa gau wer oanpakt wurde moat. It giet om saneamd stil asfalt, dat ornaris ien kear yn de 15 jier ferfongen wurde moat.