Supporters klear foar derby

15 okt 2014 - 16:14

De goed 1.200 supporters fan SC Cambuur sjogge nei snein út. Dan reizgje se nei konkurrint SC Hearrenfean. De 30 kilometer nei it suden lizze se ôf mei 23 bussen dy't yn trije klusters ôfsette. Om 10.00 oere geane de earste njoggen bussen fuort. In healoere letter folgje der wer fiif. De lêste njoggen bussen sette om 11.00 oere ôf. It opstapplak foar alle Cambuur-oanhingers is it WTC-Expo terrein oan de Heliconwei yn Ljouwert.

De Fryske twastriid begjint snein om 12.30 oere. Fan 12.00 oere ôf is de derby te folgjen by Omrop Fryslân.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)