"OV-chip trochûntwikkelje"

De OV-chipkaart moat hiel gau klantfreonliker wurde. Dat easket VVD-Twadde Keamerlid Betty de Boer út Grins. Se neamt de kaart mei it yn- en úttsjekken by ferskate ferfierders 'folslein achterhelle'.
De Twadde Keamer praat tongersdei oer it funksjonearjen fan it OV-chipsysteem. In soad partijen wolle dat it systeem op de skop giet, omdat it te omslachtich en te klantûnfreonlik is. Guon partijen wolle sels fan de OV chipkaart ôf. De VVD fynt dat de OV chipkaart gau trochûntwikkele wurde moat.
Betty de Boer pleitet foar de mooglikheid om achterôf it treinkaartsje te beteljen. Ek soe it mooglik wurde moatte om mar ien kear yn- en út te tsjekken. De VVD is posityf oer it eksperimint fan Arriva om mei in app op de mobile telefoan yn- en út te tsjekken. Se fynt fierder dat der ek in soarte fan papieren treinkaart bliuwe moat foar bûtenlânske toeristen en ynsidintele reizgers mei bus of trein. Dy wurdt it no te dreech makke om gebrûk te meitsjen fan it iepenbier ferfier. NS, Arriva en de oare ferfierders soene it harren krekt makliker meitsje moatte, sadat mear minsken gebrûk meitsje fan bus en trein.