Romte foar mear molkproduksje

15 okt 2014 - 14:08

Steatssekretaris Dijksma fan lânbou is posityf oer it plan fan de trije noardlike provinsjes om de molkproduksje mei 30 persint te ferheegjen. Se wol yn de nije wet romte meitsje foar dit plan. Betingst is dat de dong yn de eigen regio ferwurke wurdt. Ek mei it fee noch altyd yn de greide weidzje. Dijksma skriuwt dit yn it brief oan de Twadde Keamer. Se stelt wol as betingst dat de boeren de eigen dong brûke en gjin keunstdong.

De steatssekretaris is der net benaud foar dat dizze útwreiding liede sil ta megastâlen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)