Stipe foar krityk op keatsen

15 okt 2014 - 12:20

PC-foarsitter Johannes Westra krijt stipe fan ferneamde âld-PC kampioenen lykas Durk Talsma en Rienk de Groot. Ek sy fine dat de keatssport yn in krisis ferkeart en dat der rap wat barre moat om it spultsje oantrekliker te meitsjen foar it publyk. Hieltyd minder minsken geane nei de keatspartijen. Sels de PC en de Freule lûke minder publyk.

Oarsaken soenen wêze dat leafhawwers fine dat it keatsen saai wurden is troch de nap yn de want, de hurde ballen en it gebrek oan tuskenspul.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)