Fiif tips oer sjitpartij

15 okt 2014 - 10:28

De plysje hat oant no ta fiif tips krigen oer de sjitpartij fan heal septimber op De Kei yn Ljouwert. Yn Opsporing Verzocht is tiisdeitejûn omtinken jûn oan de saak. Yn de bylden is te sjen dat de skutter linkshandich is. Fierder hat de plysje bekend makke dat it nei alle gedachten om in man giet fan Antilliaanske komôf dy't net út de regio komt. In soad minsken wiene tsjûge fan de sjitpartij, dêr't fiif kear by sketten waard. De sjitpartij wie it gefolch fan in rûzje tusken fjouwer manlju.

De plysje neamt in diel fan de tips hiel brûkber.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)