Fjochterij mei ynslûper

© Omrop Fryslân
Yn Dokkum hat in 27-jierrige bewenner fan it Westerbolwurk yn de stêd tiisdeitejûn fochten mei in ynslûper. Krekt nei alven trof de bewenner de ûnbekende man yn de wenkeamer oan. Nei in wrakseling koe de ynslûper útnaaie. De plysje koe de man net mear yn de buert fine.
By ûndersyk trof de plysje woansdeitemoarn in 34-jierrige Dokkumer oan dy't fertocht wurdt fan de ynbraak. De man koe op basis fan it sinjalemint opspoard wurde.