Plysje nimt fjoerwapen yn
Yn Ljouwert hat de plysje tiisdeitejûn yn de Goudenregenstrjitte in fjoerwapen yn beslach nommen. De plysjes kontrolearren in auto mei trije manlju dêryn, ien fan har hie it fjoerwapen en munysje by him. De trije manlju, twa út Rotterdam fan 24 en 26 jier, en in 35-jierrige man út Ljouwert binne oanhâlden.