Kado foar Kazemattemuseum

It Kazemattemuseum yn Koarnwertersân krijt woansdei in bysûndere peal oanbean troch it Geniemuseum út Vught. It giet om in orizjinele fersperringspeal, dy't yn de oarloch ûnderdiel wie fan de dûbele tankfersperring op de Ofslútdyk. Dizze fersperring stie sa'n 800 meter fan de brêge fan Koarnwertersân.
Sa'n fersperring bestie út betonnen peallen en op de trochgeande dyk út peallen dy't yn kokers yn de grûn sieten. It Kazemattemuseum krijt no sa'n beweechbere peal oanbean.